SC Hearrenfean sûnder Amoah

02 aug 2012 - 11:44

Sportklup Hearrenfean spilet tongersdeitejûn yn de Europa League sûnder spits Matthew Amoah. De Ganees is blessearre en sil de earste kompetysjewedstriid ek misse. De ferwachting is dat de Dútser Uth syn posysje ynnimt, mar dat wol Van Basten net befestigje. Ek Oussama Assaidi docht mei. De Marokkaansk ynternasjonal wie op syk nei in nije klup, mar dat is oant no ta net slagge.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Amoah
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)