Drachtster rydt tsjin beam
In 32-jierrige man út Drachten is woansdeitenacht mei syn auto tsjin in beam by de Himsterfinnen yn Koartehimmen riden. De auto fleach nei de oanriding yn 'e brân.
Sawol de bestjoerder as syn 26-jierrige passazjier rekken ferwûne. Se binne oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht.