Frou op fyts oanriden

02 aug 2012 - 11:22

In 22-jierrige frou út Mullum is woansdei ferwûne rekke doe't se yn har wenplak oanriden waard troch in auto. Dat wie doe't de frou ynienen op har fyts de dyk oerstuts. De 63-jierrige automobilist koe har net mear ûntwike en rekke har mei de auto en mei de karre achter syn auto.

Nei alle gedachten hat de frou de auto net heard omdat se eardopkes mei muzyk yn hie. Se is mei ferwûnings oan 'e rêch nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok fyts Mullum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)