Belgyske garnalefiskers leverje fergunning yn, Waadferiening wol rjochtspraak

In garnalekotter © ANP
In rjochtsaak tsjin de natuerfergunning fan Belgyske garnalefiskers om yn natuergebieten lâns de Nederlânske kust en fiskjen is skrast. De fiskers ha har fergunning ynlevere en ferlitte it Nederlânske wetter.
De Belgyske garnalefiskers hienen sûnt 2018 in fergunning om yn it Nederlânske wetter aktyf te wêzen. De Waadferiening begûn doe in rjochtsaak tsjin dy fergunning, omdat se fûnen dat yn de ekologyske ûnderbouwing net dúdlik makke wurdt wat it effekt fan de fiskerij is op de natuergebieten.
Yn oanrin nei de rjochtsaak, dy't dizze wike tsjinje soe, ha de garnalefiskers dus har fergunning ynlevere. Dêrtroch is de rjochtsaak ek fan tafel. Neffens de Waadferiening hat it ministearje it ynleverjen fan de fergunning abnormaal rap ferwurke, want dat wie binnen in wike klear.

Rjochtsaak ûntrinne

"De Waddenvereniging kan niet anders concluderen dan dat het inleveren van de vergunning en de snelle verwerking daarvan door LNV gericht lijkt te zijn geweest op het ontlopen van rechtszaak op 1 november", skriuwt de feriening op har webside.
Dat de Belgyske fiskers de rjochtsaak net ôfwachte ha en derfoar kieze om de lêste wiken net mear foar de Nederlânske kust te fiskjen, moat neffens de Waadferiening net betsjutte dat de rjochter gjin útspraak mear hoecht te dwaan.

'Bliuwt relevant'

"Die uitspraak blijft ondanks het inleveren van de vergunning relevant", meldt de Waadferiening. Want ek al binne de Belgen no fuort, der binne noch wol oare fiskers aktyf lâns de Nederlânske kust en yn de Waadsee mei in fergunning dy't dit jier ôfrint en dus fernijd wurde moat.
De rjochtbank sil ynkoarten beslute oft de saak trochgiet mei in nije sitting.