HEA! Reiddekke yn Warstiens
Jenne Veenstra is reiddekker en dat fak hat hy fan syn heit leard. As lyts jonkje krige hy it mei de brijleppel ynjûn en hy gie faak mei heit mei de reidfjilden yn.
By de put fan hjoed binne der nije ruten yn it hûs kommen en dêr moat wer nij reid omhinne. It is swier en dreech hânwurk, mar Jenne is no sân jier selsstannich reiddekker en fynt it noch altyd moai om te dwaan.