Lêste drompel foar De Nieuwe Stelp op It Amelân falt 9,8 miljoen djoerder út
As de gemeenteried fan Amelân ynstimt mei de kredytoanfraach foar âldereinsintrum De Nieuwe Stelp, is de lêste drompel foar nijbou fuort. Mar der is mear nedich as earder tocht: net 13,7-, mar 23,5 miljoen euro.
It kolleezje fan Amelân hat tiisdei ynstimd mei de bou, no is it ein dizze moanne noch oan de ried om kredyt beskikber te stellen. De ynvestearring falt heger út as de 'businesscase' dy't earder oan de ried presintearre is, seit it kolleezje.
Dochs fine boargemaster en wethâlders it in goede stap, om't de soarch fan KwadrantGroep levere wurde moat yn in gebou dat oan de hjoeddeiske easken foldocht. It Amelân wrakselet al jierren en jierren mei de plannen foar in nij âldereinsintrum. Der leine ferskate plannen op tafel.
De 23,5 miljoen euro binne nedich om de hjoeddeiske Stelp oan te keapjen en te slopen, de sportlokaasje yn Hollum oan te passen en te ferbetterjen, de iepenbiere romte om de nijbou hinne te ferbetterjen en foar de bou sels.
As de ried akkoart giet, soe de bou yn it twadde part fan 2023 úteinsette kinne. Yn de hjerst fan 2024 kin De Nieuwe Stelp dan yn gebrûk naam wurde.