Tjeerd de Groot wol ûnteigenje as frijwillige útkeap te min stikstofreduksje opsmyt

Tjeerd de Groot fan D66 © ANP
As it it net slagget om de grutste stikstofútstjitters mei in goeie regeling binnen in jier frijwillich ophâlde te litten, moat it kabinet 'in het uiterste geval' oergean ta it ûnteigenjen fan boeren. Dat sei D66-Twadde Kamerlid Tjeerd de Groot tongersdei yn it stikstofdebat.
Neffens De Groot kin it net oars, sa sei hy yn it debat mei ministers Piet Adema en Christianne van der Wal fan Lânbou en Stikstof.
Twongen útkeap leit lykwols hiel gefoelich yn de koalysje mei CDA, VVD en ChristenUnie. Twadde Keamerlid Thom van Campen reagearre mei de útspraak dat it kabinet 'ver van onteigening moet blijven'. Hy sei: "De Groot scheert langs de randen van het coalitieakkoord."
De Twadde Keamer debattearret oer it stikstofrapport
De Keamer debattearret tongersdei oer it advys 'Wat wel kan' fan âld-minister Johan Remkes. Remkes kaam mei it advys om 500 oant 600 'pykbelêsters' te stimulearjen om binnen in jier it bedriuw duorsumer te meitsjen of oars om op te hâlden.
Ministers Piet Adema en Christianne van der Wal ûndeweis nei it stikstofdebat © ANP
It kabinet naam dit ûnderdiel fan it rapport Remkes net oer, De Groot fynt dat it kabinet dat wol dwaan moatte soe.

'It earlike ferhaal fertelle'

It kabinet krige earder dizze wike noch in grutte ôffaller op stikstofmêd. De Ried fan Steat sette in streek troch de saneamde boufrijstelling, dy't der de ôfrûne jierren foar soarge dat der noch stikstofromte wie foar de wentebou. Bouprojekten driigje dêrtroch fertraging op te rinnen.
"De uitspraak zorgt ervoor dat bouwen echt heel lastig wordt, terwijl duizenden mensen wachten op een huis", seit De Groot. "De natuur kan niet langer wachten en onze samenleving mag niet stilvallen."
Hy wol dêrom dat der in ein komt oan de polityk fan 'pappen en nathouden.' "Je moet het eerlijke verhaal vertellen en boeren geen zand in de ogen strooien."

GroenLinks wol noch in stap fierder

D66 rekkenet op stipe fan opposysjepartij GroenLinks. Partijlieder Jesse Klaver sei dat hy by foarkar op basis fan frijwillichheid ôfspraken makket mei pykbelêsters. Mar ek hy fynt dat it ynlûken fan fergunningen 'uiteindelijk in de gereedschapskist' fan it kabinet thús heart.
Jesse Klaver fan GroenLinks © ANP
Klaver wol sels noch in stap fierder gean. As de stikstofoanpak net fluch genôch giet, soe it kabinet ek ree wêze moatte om by need fergunningen fan boeren yn te lûken. Dat kaam him op fûle krityk te stean fan Thom van Campen, Derk Boswijk en Pieter Grinwis, de lânbouwurdfierders fan VVD, CDA en ChristenUnie.

'Valse beloftes' fan Adema

Klaver sleat him oan by de krityk fan De Groot op útspraken fan minister fan lânbou Piet Adema. Dy sei earder dizze wike yn Drachten dat er 'net dogmatysk' fêsthâlde wol oan 2030 as deadline foar it tebekkringen fan de stikstofútstjit mei 50 persint.
Klaver neamde dat 'valse beloftes.' De Groot frege Adema ûnder it keamerdebat nochris om syn útspraak fan ôfrûne moandei werom te nimmen.
De Groot is ek kritysk oer de plannen foar it lânbou-akkoart. "Een landbouwakkoord betekent niet praten totdat de landbouw akkoord is."