DINGtiid tige kritysk yn brief oan RUG: "Fikse tebeksetter foar it Frysk"

Fryske flagge by Rijksuniversiteit Groningen © Shutterstock
DINGtiid is yn in brief oan Rijksuniversiteit Groningen op 'e nij kritysk op de wize wêrop't ynfolling jûn is oan de learstoel Frysk. It advysorgaan neamt de omgong mei de universitêre frisistyk oan de universiteit "skansearjend foar de status fan it Frysk as twadde rykstaal."
De oanlieding foar it brief binne soargen dy't 'ferskate maatskiplike organisaasjes' mei DINGtiid dield hawwe.
Op 19 oktober makke de universiteit bekend dat taalwittenskipper dr. Anne Merkuur oansteld is as universitêr dosint. Sy moat dêrmei yn de takomst de posysje fan âld-heechlearaar Goffe Jensma ynfolje.

"Unsuvere gong fan saken"

Yn it brief oan de RUG skriuwt DINGtiid dat by dizze organisaasjes sterk it idee libbet fan in "ûnsuvere gong fan saken" oangeande de beneaming fan Merkuur. Der is foarearst gjin heechlearaar. Taalwittenskipper dr. Anne Merkuur moat dat yn de takomst wurde, mar hat no in funksje fan 0,4 fte krigen.
Merkuur wurke earder by DINGtiid, tiisdei wie har lêste dei as bestjoerslid. Sy binne dan ek wiis mei har oanstelling: foarsitter Jan Koster joech oan Merkuur in talint te finen, mar fynt ek dat de universiteit eins fuortendaalks in 'professorabel' heechlearaar fertsjinnet.
Anne Merkuur © Omrop Fryslân
De oanstelling jout lykwols net de garânsje dat der op koarte termyn wer in nije heechlearaar beneamd wurde sil, skriuwt it advysorgaan. Koster ferwiet it de universiteit earder al dat net earder begûn is mei it sykjen is nei in opfolger foar Jensma.

Budzjet

Ek binne der fragen oer it jild dat de universiteit oerhâldt no't de posysje fan Jensma (1 fte) werombrocht is nei in dieltiidsposysje fan 0,4 fte. DINGtiid skriuwt dat it wol dat it "earmerke budzjet foar de stúdzje Frysk yn Grins yn de kommende jierren yn syn gehiel ta de streekrjochte baat komt fan de stúdzje Frysk sels."
Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der wurdt ek oantrune op it ûntwikkeljen fan "mienskiplike útgongspunten en swiertepunten foar de ûndersyksaginda." As lêste moat de universitêre frisistyk yn Nederlân boarge wurde, skriuwt DINGtiid.

Dialooch

De universiteit wurdt yn it brief oanrekkene dat it oant no ta net yngien is op de soargen dy't utere binne en dat de fakulteit en it Kolleezje fan Bestjoer "de dialooch út 'e wei gongen binne."
Jouke de Vries fan it Kolleezje fan Bestjoer fynt dat der gjin redenen binne om te twiveljen oan de yntinsjes fan de RUG. Hy neamt de beneaming in boppeslach mei in talintfolle universitêr dosint dy't in trajekt trochrint om heechlearaar te wurden. Ek is it de bedoeling dat de gearwurking mei Campus Fryslân, NHL Stenden en de Fryske Akademy oanhelle wurdt.
DINGtiid seit de sinjalen en observaasjes ynkoarten ek mei provinsjaal bestjoer en it Ryk diele te sillen.