Joadsk nammemonumint ûntbleate, kommissaris Brok warskôget foar diskriminaasje

© Omrop Fryslân
Under grutte belangstelling is yn Frjentsjer in oarlochsmonumint ûntbleate. Dêr stean de nammen op fan minsken dy't yn de kibboets yn Frjentsjer wenne en wurke hawwe, en dy't de Twadde Wrâldoarloch net oerlibbe hawwe.
De ûntbleating is op de kop ôf op de dei dat de kibboets yn 1941 oprôle waard troch de Dútske besetter. Fan de bewenners kamen 24 net werom. Sy kamen om yn Dútske konsintraasjekampen.
De 25ste namme is fan de frou fan Jacob Bramson. Hy wie ien fan de oprjochters fan de kibboets, mar wenne earne oars yn Frjentsjer.
Monumint mei nammen ûntbleate, Kommissaris Brok warskôget foar gefaren diskriminaasje en fascisme
Twa omkesizzers fan Eleazer Asscher binne foar de offisjele hanneling oerkaam. Foar Joav en Jael Asscher is de ûntbleating in emosjoneel momint: "We zijn nog niet zo heel lange geleden op de hoogte van zijn verhaal. Eleazer was voor ons altijd een man op een zwart-witfoto. Maar met de vondst van de film van Jacob Bramson begon hij te leven. Toen zagen we een man die koeien melkte. Echt heel bijzonder."
Nei it foarlêzen fan alle nammen troch learlingen fan de Einstein School yn Frjentsjer wienen der taspraken. Kommissaris fan de Kening Brok warskôge dêryn foar it op 'e nij opkommen fan fassisme en diskriminaasje. Saken dy't hjoed-de-dei wer aktueel binne en dêr't men goed wach op wêze moat.
Undersiker Syds Wiersma makke mei dokumintêremakker Gerard van der Veer en kameraman Gerko Jonker de film 'Kibboets op 'e klaai'. Dy giet op 10 novimber yn premjêre yn De Koornbeurs yn Frjentsjer en op it Noordelijk Film Festival.
Dêrnei is de film yn trije ôfleveringen te sjen op NPO2 en by Omrop Fryslân, op 12 en 13 novimber, 19 en 20 novimber en op 26 en 27 novimber.