Jorrit Schreuder is werom yn Kiev: "It libben giet gewoan troch"

Jorrit Schreuder © Jorrit Schreuder
Fries om utens Jorrit Schreuder is werom yn syn wenplak Kiev. Ferline wike wienen Schreuder en syn húshâlding op it plattelân by skoanmem.
De dochters hienen fakânsje en it doarpke dêr't 'beppe' wennet is rêstiger as de haadstêd fan Oekraïne. Mar de bern woenen graach wer nei skoalle ta. Dus is de húshâlding werom yn harren flat oan de râne fan Kiev.
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.
Jorrit Schreuder mei syn húshâlding yn Oekraïne © Jorrit Schreuder
"It wie rêstich yn de stêd, dus koenen we wol werom. Mar moandei gie it wer los. We seagen de swarte reek boppe de stêd", fertelt Schreuder.
Dochs makket hy him net bot soargen oer de situaasje yn it part fan de stêd dêr't sy wenje. De húshâlding wennet yn in flatgebou op 12 heech. Se seagen de reekwolken boppe de stêd en folgje fia in app wêr't de raketten delkomme. Dat wie aardich fier út de buert.
Schreuder hie earder wol wat soargen omdat se yn de buert fan in fleanfjild wenje. Mar dat is in boargerfleanfjild en dat is gjin doel.
Jorrit Schreuder is werom yn Kiev
De doelen binne benammen enerzjyfoarsjenningen. Lykas elektrisiteitssintrales. De stroom giet der regelmjittich ôf. Dat fynt Schreuder wol ferfelend, mar ek dêr hat hy oplossingen foar.
Se siede iten elektrysk, mar se hawwe no campinggassteltsjes oanskaft. Dêr kinne se dan tee en kofje op sette en it iten op klearmeitsje. Dat ha se al in pear kear dwaan moatten. Sa lang as it sa giet is dat net in hiel grut probleem.
It gassteltsje © Omrop Fryslân
Nee, dan de lift. Dat is wol in probleem. "We wenje op 12 heech en as de lift it net docht, dan is it in hiel ein nei ûnderen en nei boppen."
Ek it wetter giet der wolris ôf. Se hawwe dan ek in foarried wetter yn flessen en tonnen stean. Sa kinne se it wol efkes úthâlde. En de ferwaarming giet ek noch wol goed. It is noch net sa kâld dus is it gewoan te dwaan.

Tiid foar ferdivedaasje

De bern gean yntusken wer nei skoalle. As der raketalarmen binne, krije se online les. Ferline wike hawwe se noch hiel moai Halloween fierd.
Der is ek tiid foar wat ferdivedaasje. Schreuder giet der mei de bern wol op út. Sa ûntstie der in moai tafrieltsje by in wetterke. De bern binne mei papieren boatsjes oan it boartsjen. It kommentaar derby komt fan heit. De skippen stelle de Oekraynske float foar. En dy winne, dat is dúdlik.
Mei papieren boatsjes farre © Omrop Fryslân
As je nei bylden fan Kiev sjogge, tinke je dat it in gewoane stêd is mei aardich wat ferkear. Dochs is dat net sa, fertelt de âld-Sweachster. Sa is der in priveeskoalle yn de buert ticht omdat de minsken flechte binne. It is yn Schreuder syn wyk in stik rêstiger, fertelt hy. Minsken hawwe faak in twadde hûs op it plattelân dêr't se no ferbliuwe.
Schreuder sels wol foarearst besykje yn Kiev te bliuwen, salang as it giet. "It libben giet gewoan troch. As it net mear giet, dan geane we wer nei beppe."