VVD en D66 wolle dat minister Adema stikstofútspraken oer 2030 weromnimt

Lânbouminister Piet Adema © ANP
Lânbouminister Piet Adema moat syn útspraak weromnimme dat er 'net dogmatysk' fêsthâlde wol oan 2030, seit VVD-Keamerlid Thom van Campen. It giet om it doel om yn 2030 de stikstofútstjit troch de helte te dwaan.
"Het verkopen van het loslaten van die deadline is gratis bier wat we allemaal misschien in zaaltjes willen verkopen. Die luxe kunnen we ons niet permitteren", seit Van Campen nei in oerlis mei de stikstofspesjalisten yn de koälysje.
Op de fraach oft Adema syn útspraken weromnimme moat, seit Van Campen: "Ik denk dat dat nodig is."
Adema die syn útspraken moandeitejûn yn Drachten op in gearkomste mei boeren. It gie foaral om leden fan LTO-Noord én om jonge boeren út Fryslân, Grinslân en Drinte.
Om dizze útspraak giet it:
De VVD wol dat minister Adema dizze útspraak weromnimt
"Remkes heeft 2030 sterk genuanceerd", sei Adema (ChristenUnie) tsjin de boeren yn de seal. "De voorwaarde is wel dat de natuur zich gaat herstellen. Het moet duidelijk zijn dat we op de goede weg zijn, ook al zijn we er nog niet. Dan zegt Remkes dat we niet dogmatisch moeten zijn. Het mag dan ook 2032, 2033 of 2034 zijn Zo lees ik het maar eventjes. Ik was heel blij met die nuancering."
Tjeerd de Groot fan D66 fynt ek dat de minister syn wurden weromnimme moat. Adema skept falske ferwachtingen foar de boeren, fynt er. "En dat is eigenlijk heel wreed omdat de boeren denken dat het wel losloopt. Maar het loopt niet los, het is heel ingrijpend wat ze te wachten staat."
CDA-Keamerlid Derk Boswijk woe net op de kwestje reagearje. Syn partijlieder Wopke Hoekstra sei earder alris dat it doel fan 2030 'net hillich' wie. Dat soarge foar in soad ûnrêst yn de koälysje en yn it kabinet.

CU: útspraken Adema yn line mei Remkes

Adema syn partijgenoat Pieter Grinwis, Keamerlid foar de ChristenUnie, seit dat der net sa'n soad oan de hân is. "De uitspraken van Piet Adema zijn gewoon in lijn met het advies-Remkes, inclusief zijn duiding daarvan bij zijn perspresentatie in Nieuwspoort en zijn commissiegesprek in het parlement. Dus geen enkele reden voor politieke opwinding."
In wurdfierder fan Adema seit dat de minister it doel om de útstjit yn 2030 troch de helte te hawwen, net loslit. By de gearkomste yn Drachten soe Adema bedoeld ha dat der regionaal fan ôfwykt wurde kin as dat yn 2025 of 2028 nedich blykt te wêzen. Dat stiet ek yn it advys fan Remkes dat it kabinet oernaam hat, sei tde wurdfierder.
Boere-organisaasje Agractie neamt de eask fan de VVD "absurd". "Adema heeft in de paar weken dat hij minister is al voor meer verbinding gezorgd dan zijn twee voorgangers", seit foarman Bart Kemp. "Hij zoekt een uitweg in de puinhoop die is gecreëerd."

Begryp foar wantrouwen

Piet Adema, dy't in moanne lyn begûn as minister, sei yn Drachten ek dat er begryp hat foar it wantrouwen dat guon boeren rjochting it ministearje ha.
Tongersdei stiet der in Keamerdebat oer it stikstofrapport fan Remkes op de aginda. Letter dizze moanne komt der in earste brief oer it lânbou-akkoart dêr't Adema mei oan de slach is. Yn dat akkoart moatte ôfspraken foar de langere termyn stean.