De toan fan Froukje Sijtsma: "Famyljetaal: groggels, pleuch en jerapte bakkeltsjes"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Myn hiele jeugd iet ik yochert mei groggels en dronken myn suskes en ik liters pleuch. Pas folle letter kaam ik derefter dat it hielendal gjin besteande wurden wienen en dat de famylje Sijtsma dy blykber sels betocht hie.
Us gesin blykt gjin útsûndering. In hiel soad húshâldens ûntwikkelje in persoanlike famyljetaal. By in jeugdfreondinne dronken se bygelyks 'sappel met een zuigje'. In útspraak ûntstien nei't ien as lyts bern in kearke appelsop mei in reitsje hawwe woe.
Famyljetaal hat de wittenskiplike beneaming 'familect'. It befettet wurden en útdrukkingen dy't inkeld en allinnich begrepen wurden troch leden fan in famylje of in oare lytse yntime groep. Famyljetaal is faak basearre op fersprekkings, ferhaspelingen of opmerklike útspraken.
De toan fan Froukje Sijtsma
Taalkundige Cynthia Gordon fan de Georgetown University yn Washinghton DC is pionier op it mêd fan ûndersyk nei famylekten. Gesinsleden ûntwikkelje in eigen taal troch in dielde skiednis en litte sa boppedat sjen dat se by inoar hearre. Lêst frege ik de leden fan myn klan hokker wurden en útspraken no echt by ús famylje hearre. It wie fuort spits yn de groepsapp.
Sa lei der oait in suske mei in harsenskodding yn it sikehûs. De ferpleechster frege wat se ite woe. Myn suske hie wol nocht oan bakte ierdappeltsjes, mar antwurde dat se graach 'jerapte bakkeltsjes' hawwe woe. In prachtige ferhaspeling, dy't wy dêrnei noch faak brûkten, mar gjinien fan bûten dy't begriep wat der jûns by ús op tafel stie.
En ek myn bybaantsje by in bolleboer levere in eigen útspraak op. Wy krigen dêr it kistke betelle. De kistkes wienen neffens de boerinne lykwols noait fol genôch. Der koe altyd noch wol in laachje boppe-op en ek hie se grutte fraachtekens by de kwaliteit fan it pellen. "Dit is gjin pellen, dat is gjin pellen en dit is al hielendal gjin pellen", raasde se troch de loads. At by ús thús ien de kantsjes derby ôf rûn, bygelyks by de ôfwask, dan raasde de rest yn koar: "Dit is gjin ôfwaskjen, dat is gjin ôfwaskjen en dit is al hielendal gjin ôfwaskjen."
En doe't der ris in kweajonge út de buert papieren pylkjes mei goare flibe tsjin de ruten oan tufte mei in plestik buis, sei ús mem: "Dat jong moat gau ophâlde, oars sil ik by him thús ris in sekje blabber tsjin de ruten jûtse." Wurden dy't ús mem fuort nei it útsprekken alwer fergetten wie, mar dy't wy as bern fansels opsloegen. Sadra't wy hearden dat ien in rotstreek úthelle hie, seinen wy op oerdreaune toan: "Sille wy dêr ris efkes in sekje blabber tsjin de ruten oan klotse?"
En sa binne der noch folle mear útspraken. As ús heit sei dat it tiid wie om te klompesetten, dan wisten wy dat wy op bêd moasten. At wy fûnen dat ien út syn snaveltsje rûkte, dan hienen wy it oer 'skeurmeur'. Pleuch, dat wie tee mei molke. En groggels, dy haw ik no noch altyd yn myn yochert. Want kruesli, dat sjocht der dochs gewoan út as groggels?
Der binne grif folle mear Fryske famylekten. Hokker wurden en útspraken hearre no echt by jimme famylje en hoe binne dy ûntstien? Fiel dy frij om te reagearjen, ik bin der hiel benijd nei!"