Dochs gjin Volt Fryslân by de Steateferkiezingen: "Nu niet haalbaar"

Fryske Volt-leden mei de kampanje foar de Twadde Keamerferkiezingen yn 2021 © Volt Friesland
By Volt wurdt hurd wurke oan in Fryske ôfdieling. De partij hie ek even de hoop mei te dwaan oan de Provinsjale Steateferkiezingen takom jier, mar dat slagget net. "Het komt te vroeg."
Dat de gemeenteriedsferkiezingen fan dit jier te betiid kamen, dat wisten se. Dochs hope it regiobestjoer dat it wol slagje soe om op de list te stean by de kommende Steateferkiezingen op 15 maart.
"Maar er zijn nog te veel uitdagingen", seit Jorn Aardema fan Volt. "We zijn bang dat we fouten maken die andere partijen ook hebben gemaakt. Dat we te snel en te veel willen. We geloven niet dat het nu haalbaar is."

Leden sykje

Beslute om net mei te dwaan, wie neffens Aardema net maklik. Dochs is er derfan oertsjûge dat it de bêste kar is. "We moeten eerst investeren in ledenbinding. Die actieve leden missen we nu. Dan is het lastig om een grote groep mensen enthousiast te houden. Je kunt wel heel veel willen, maar je moet het ook waar kunnen maken."
En allinnich entûsjast wêze is net genôch, want as kandidaat-Steatelid moatte je ree wêze om der fjouwer jier lang in soad tiid yn te stekken.
De partij wol dêrom earst fierder groeie yn Fryslân. Maklik is dat net, fernimt Aardema. "Op bepaalde gebieden staan we nu waar we vorig jaar ook stonden. Er is wel wat groei in ledenaantal, van 250 naar zo'n 300."
In grote steden is het ons gelukt bij de Tweede Kamerverkiezingen, maar kan Volt ook regionaal scoren?
Jorn Aardema fan Volt Fryslân
Wat wol hiel oars is, seit er, is dat Volt Fryslân no mei de ôfdielingen yn Grinslân en Drinte oplûkt. Benammen yn dy earste provinsje hat de partij in gruttere efterban. It plan is dêrom om yn Grinslân wol mei te dwaan oan de Steateferkiezingen.
"We gaan kijken wat daar gebeurt: stemmen mensen op ons?", seit Aardema. "In grote steden is het ons gelukt bij de Tweede Kamerverkiezingen, maar kan Volt ook regionaal scoren? We moeten uitvinden hoe we ons kunnen profileren."

Lange azem

It is in kwestje fan de lange azem, al fynt Aardema it logysk dat it allegear net sa hurd giet. "Zoiets moet ook groeien. We bestaan tenslotte nog maar een paar jaar in Nederland."
Ferfele sil er him foarearst net. "We gaan nu Groningen ondersteunen in hun campagne. Als daar ook echt zetels worden gewonnen, kunnen we daarvan leren en dat hopelijk in de toekomst in Fryslân toepassen."
Partijen kinne har oant uterlik 19 desimber oanmelde om mei te dwaan oan de Provinsjale Steateferkiezingen. Dêrnei wurde de oanmeldingen beoardiele. Volt hopet yn alle gefallen mei te dwaan oan de folgjende gemeenteriedsferkiezingen yn 2026.