Provinsje trunet by it Ryk oan op help foar mkb-bedriuwen by hege enerzjyprizen

Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
It Ryk moat gau maatregels nimme om it midden- en lytsbedriuw te helpen mei de hege enerzjyprizen. Dat seit deputearre Sietske Poepjes.
Provinsje Fryslân hat ûndersocht oft it mooglik is om Fryske mkb-bedriuwen as bakkers en slachters meidwaan te litten oan it kollektive enerzjykontrakt OVEF fan de Fryske oerheden. De bedriuwen soene dan goedkeaper út wêze, mar sa'n konstruksje is yn striid mei de oanbestegingsregels.
Neffens Poepjes krijt de provinsje hieltyd mear sinjalen fan bedriuwen dy't yn de problemen komme. Se is ferline wike bygelyks skrokken fan it berjocht dat in grutte paprikaprodusint yn Noardwest-Fryslân meikoarten de aktiviteiten staakt, omdat de gaspriis te heech is. "Dat fyn ik ferskriklik. Ik fyn echt dat it Ryk wat betinke moat om sokke bedriuwen te helpen."

Brief oan de minister

De provinsje hat minister Rob Jetten fan Enerzjy yn in brief frege om passende maatregels te nimmen. Fierder is de organisaasje YnBusiness frege om bedriuwen te advisearjen oer it nimmen fan maatregels om duorsumer te wurden of te ynvestearjen yn bygelyks sinnepanielen.
"Der binne in soad bedriuwen dy't dat ûndersykje, mar ferlet hawwe fan goed advys", seit Poepjes. "Dêr kinne we by helpe, mar it probleem sels kinne wy net oplosse. Dy oplossing moat echt fan it Ryk komme." Se ferwachtet dat it Ryk noch foar de ein fan it jier mei in foarstel foar in regeling komt.
Deputearre Sietske Poepjes