Doarpskafee ferliest klanten

27 nov 2011 - 17:52

Hieltyd mear doarpskafees hawwe lêst fan konkurrinsje fan eveneminten. Dat seit de Fryske ôfdieling fan Hoareka Nederlân. Der komme hieltyd mear lytse evenminten en dy soargje foar it leechrinnen fan it pleatslike kafee. Troch de ekonomyske krisis hawwe de doarpskafees it dochs al dreech. Benammen jonge minsken gean leaver nei in evenemint. Neffens de bransjferiening kostet it de doarpskafees noch net de kop, mar ferswakket it harren posysje wol hiel bot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)