EVT wiziget fartiden

De Eigen Veerdienst Terschelling wiziget fan freed ôf syn fartiden. De fartsjinst hat in koart pleit ferlern dat troch Rykswettersteat oanspand is. Se moatte de haven minimaal in oere foar't de boaten fan rederij Doeksen oankomme, út wêze. As de EVT him net oan de útspraak fan de rjochter hâldt, moat de fartsjinst tsientûzen euro per oertrêding boete betelje.
De EVT hat oanjûn dat se oant 4 septimber in kertier earder fuortfarre sille as pland. Dêrnei sil de EVT foarearst noch twa kear deis farre.