Hearrenfeanspilers by Oranje

01 aug 2012 - 18:16

Hearrenfeanspilers Jeffrey Gouweleeuw en Rajiv van La Parra binne foarearst selektearre foar de seleksje fan Jong Oranje. De earste oefenwedstryd fan dit seizoen stiet pland op woansdei 15 augustus yn it Cambuur Stadion. Tsjinstanner is dan Italië. Nije wike freed wurdt de seleksje fan coach Cor Pot definityf bekend makke.

Bûnscoach Louis van Gaal fan it grutte Oranje hat Luciano Narsingh en Bas Dost oproppen foar de oefenwedstriid tsjin België. Beide spilen ôfrûne jier foar SC Hearrenfean. Dost waard doe topskoarder fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)