Tolsma ferrassend PC-finalist

01 aug 2012 - 17:48

Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden hawwe foar in grutte ferrassing soarge. Yn in tige spannende heale finale fersloegen se it favorite partoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema mei 5-5 en 6-2. Benammen Martijn Olijnsma liet it yn it lêste earst sitte mei de opslach.

Yn de finale treft it partoer Tolsma de winners fan 2011, Gert-Anne van der Bos c.s. Dy wûnen yn de oare heale finale fan it trio Johan van der Meulen.

 

Finale

7.Gert-Anne van der Bos tsjin 14.Hendrik Tolsma 4-5 2-6


Heale finale

4.Johan van der Meulen tsjin 7.Gert-Anne van der Bos 1-5 0-6
9.Martijn Olijnsma tsjin 14.Hendrik Tolsma 5-5 2-6


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)