Mei greidefûgels giet it noch hieltyd net goed, mar der binne ek positive sinjalen

In ljip yn it lân © ANP
It giet noch hieltyd net goed mei de greidefûgels en mei de strânljip giet it wol hiel min. Dat docht bliken út de jiersifers fan it Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW). Dy organisaasje hat oan de hân fan tellingen besocht om in byld te jaan fan it oantal greidefûgels.
Neffens Inge van der Zee ferskilt de situaasje fan de greidefûgels bot de gebiet. "De ekstremen yn it waar hawwe bêst wol hiel grut west. Ek de predaasje spilet soms in grutte rol wêrtroch't it briedsukses hiel ferskillend útpakke kin."
Presintaasje jiersifers greidefûgels yn Fryslân
De jiersifers waarden presintearre yn Baaium, by de pleats fan Itsje Smink. By Smink binne se ôfrûne jier omskeakele fan in gongbere feehâlderij nei in biologyske. Se hawwe doe in protte maatregels naam om it foar de greidefûgels sa noflik mooglik te meitsjen.
"Wy hawwe lange greppels oanlein, plasdraspompen ynstallearre en skelpe-eilantsjes makke", seit Smink. De oanpak hie fuort resultaat. "Wy hawwe no fiifentweintich nêsten yn kaart en dat ha der nei alle gedachten noch mear west. Dat is fantastysk."
By de BFVW sjogge se soks graach. "Ast greppels oanleist, dan krijst sa kilometers slikrannen, dêr't de fûgels enoarm fan profitearje. Dus wy binne altyd hiel bliid as de term 'wieter meitsjen' falt", seit Van der Zee.

Predatoaren

Neist it oantreklik meitsje fan it lân, spilet der ek noch wat oars mei foar greidefûgels. "Predaasje is in grutte oarsaak fan de teloargong fan de greidefûgels. It oantal rôfbisten is enoarm omheech gien de ôfrûne jierren, dêr moatte wy wat oan dwaan. Hoe skande dat miskien ek is."
Ek by Smink op it lân binne de predatoaren in probleem. "Der is genôch predaasje, op de grûn en yn de loft. We dogge ús bêst om se dochs wol te fangen mei koaien of derop te jeien. Ik tink dat der in hiel soad piken oan predaasje fuortgeane."
Wat sil ferantwurdlik deputearre Douwe Hoogland dêroan dwaan? "Wy dogge wat oan ús predaasjebehear, dêr besykje we, seker as it om de stienmurd giet, behoarlik wat ûntheffingsgebieten foar oan te wizen. Dat binne der no 24."

10.000 skriezepearen

By guon soarten flakket de delgong wat ôf, dat is neffens Van der Zee goed nijs. "We sjogge dat de tsjirk al in pear jier stabyl is, dat is hiel moai. De piken fan de jierren '80, '90 sille we sa gau net weromkrije, mar as we rjochting de 10.000 skriezepearen gean dêr't Hoogland it oer hie, dan binne wy al hiel bliid."
Van der Zee doelt dêrby op de ambysje fan de provinsje om 10.000 skriezepearen as 'gidssoart' nei foaren te bringen. "Mar dêr binne we noch net. Wy sille der oan wurkje moatte om op dat oantal te kommen. We sitte no op goed 7.500, der is noch wat te dwaan."