Gjin medalje Sjoerd Hamburger

Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldebekeap is der mei de Holland Acht net yn slagge in medalje te pakken op it Olympyske roeitoernoai. De Holland Acht waard yn de finale fyfde. De Dútsers wiene fierwei de sterksten. Sy roeiden fan it begjin ôf oan de lieding.
Kanada waard twad, Grut-Brittannië tred. De Feriene Steaten giene de Nederlanners yn de einfaze noch foarby yn de striid om plak fjouwer.