Tentoanstelling oer twa iuwen sikesoarch yn Ljouwert: "De mensen staan centraal"

Frits Mostert © Omrop Fryslân
Yn Historisch Centrum Leeuwarden binne se dwaande mei in nije útstalling oer de skiednis fan de sikehûs- en sikesoarch yn Ljouwert. De tentoanstelling wurdt iepene troch Frits Mostert, oant foar koart wurksum by sikehûs MCL.

'Sûnens! Twee eeuwen ziekenzorg in Leeuwarden' is de titel fan nije tentoanstelling yn it HCL. Hast twa iuwen ferlyn is it stedssikehûs iepene en dat is mei it protestantske Diakonessenhuis en it katolike Bonifatius Hospitaal oergongen yn it hjoeddeiske Medisch Centrum Leeuwarden.
Yn de eksposysje wurdt in byld jûn fan dizze sikehûzen en de sikesoarch yn Ljouwert. Op snein hâldt âld-kommunikaasjeadviseur Frits Mostert in lêzing oer de skiednis fan de Ljouwerter sikehûzen.

Pronkstik

Mostert hat mear as 30 jier wurke foar it MCL, mar is ek bot ynteressearre yn de skiednis. Hy wol it ferhaal oer de soarch graach yn libben hâlde en dêrom hat hy it HCL holpen mei de eksposysje. "It pronkstik foar my is in skilderijke dat jierrenlang op myn wurkplak hongen hat", jout Mostert oan.
It is in skilderij fan it Diakonessehûs oan de Bagijnestraat yn Ljouwert. "In lyts húske wie dat. Hjoed-de-dei soest sizze dat is thússoarch, want je koene der hast gjin pasjinten opnimme fansels. Ik fyn it wol hiel moai dat dat no in plakje yn dizze eksposysje krigen hat. "
Tentoanstelling oer twa iuwen sikesoarch yn Ljouwerter HCL
Neist dat skilderij binne der foto's en attributen, mar ek in makette fan 'MCL Noard' fan oardel by oardel meter. Dit is ien fan de gebouwen dy't ferdwûn is. "We proberen van al die ziekenhuizen een verhaal te vertellen. De mensen staan centraal, maar ook de gebouwen. Toch wel heel verrassend dat in de binnenstad en net buiten de binnenstad echt hele grote complexen stonden, wat nu veel mensen misschien vergeten zijn."
Dat dy grutte gebouwen no fuort binne is net it iennige dat feroare is yn de ôfrûne 200 jier. De soarch sels is ek bot feroare. Hjoed-de-dei komt de 'tering' hast net mear foar en as je it wol oprinne krije je dêr antibioatika tsjin. Dat wie der eartiids net. Mostert wiist ek op in oare feroaring: "Der is in foto fan in 'lighal'. Dat is in soarte fan serre dy't bûten stiet en dat minsken yn de iepen loft yn bêd lizze." Dat is no ek hast net mear yn te tinken.
Snein is de offisjele iepening fan de eksposysje mei om 14.00 oere in lêzing fan Frits Mostert. 'Sûnens! Twee eeuwen ziekenzorg in Leeuwarden' is oant en mei 9 april 2023 fergees te besjen.