Gjin ferrassings earste omloop

01 aug 2012 - 13:51

De earste omloop fan de PC yn Frjentsjer hat grutte ferrassings opsmiten. Wol hiene twa fan de favorite partoeren mear muoite mei har earste-klastsjinstanners as ferwachte. Yn spannende partijen wûn it partoer fan top-favoryt Gert-Anne van der Bos mei 5-3 en 6-4 fan Haye Nicolai, Hendrik-Jan van der Velde en Tjisse Steenstra en fersloech it partoer fan Martijn Olijnsma mei deselde sifers it trio Peter van Zuiden, Hyltje Bosma en Lennard Adema. Karel Nijman naam woansdei nei de earste omloop ôfskied fan it keatspublyk. Hy wûn yn 2003 de PC.

Earste omloop

1.Jan Dirk de Groot tsjin 2.Dirk-Yde Sjaarda 5-2 6-2
3.Site Ferwerda tsjin 4.Johan van der Meulen 4-5 0-6
5.Pieter Vogels tsjin 6.Michiel Scheepvaart 2-5 2-6
7.Gert-Anne van der Bos tsjin 8.Haye Jan Nicolay 5-3 6-4
9.Martijn Olijnsma tsjin 10.Peter van Zuiden 5-3 6-4
11.Pieter Bakker tsjin 12.Bauke Triemstra 3-5 6-6
13.Pieter van Althuis tsjin 14.Hendrik Tolsma 0-5 6-6
15.Jelte-Pieter Dijkstra tsjin 16.Menno van Zwieten 5-2 6-6
Trefwurden: 
Frjentsjer PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)