Minister akkoart mei fúzje tusken Friese Poort en Friesland College

Minister Robbert Dijkgraaf © ANP
Minister Robbert Dijkgraaf stimt yn mei de fúzje fan ROC Friese Poort en it Friesland College. Op 1 augustus 2023 is de fúzje klear.
Neffens in lanlike kommisje dy't giet oer it mbo draacht de fúzje by oan 'het versterken van de positie van het mbo in de regionale economie'. De ferwachting is ek dat it liedt ta in bettere tsjinstferliening foar studinten, wurkjenden en wurksykjenden.
Minister akkoart mei fúzje tusken Friese Poort en Friesland College
De minister nimt de konklúzje fan de kommisje oer. "Door onderwijs voldoende kleinschalig te organiseren, kunnen leerlingen en studenten zich ontwikkelen in een vertrouwde omgeving", seit er. "De fusieaanvraag geeft mij het volste vertrouwen dat u hierin zult slagen."

Djoere opliedingen yn stân hâlde

De direkteuren fan beide skoallen binne yntusken al oan de slach mei it foarmjaan fan ferskate mbo-kolleezjes. Troch te fusearjen is it better mooglik om lytse en dêrtroch relatyf djoere opliedingen yn stân te hâlden, sizze se.
It nije ROC (regionaal opleidingencentrum) giet fierder ûnder ien nije namme. Dy wurdt yn desimber bekend makke. Op 1 jannewaris fusearje de bestjoeren fan beide skoallen en op 1 augustus is de fúzje folslein.
De nije ROC sil mbo-ûnderwiis oanbiede yn Fryslân en yn it noarden fan Flevolân. Der binne fêstigingen yn Ljouwert/Dokkum, Drachten, It Hearrenfean, Snits en Emmeloord/Urk.