Assenaar trije jier de sel yn foar xtc-lab en himptylt yn Suwâld

Yn 2017 yn Suwâld © De Vries Media
In 39-jierrige man fan Assen moat trije jier de sel yn foar it opsetten fan in drugslab yn Suwâld en Nieuw-Roden. De man produsearre yn 2017 in jier lang syntetyske drugs yn in skuorre yn Suwâld.
Earder easke it Iepenbier Ministearje al fiif jier sel tsjin de Assenaar, dy't doe fertocht waard fan it runnen fan drugslabs yn Zuidlaarderveen en it dumpen fan drugsôffal. Mar dêr waard er fan frijsprutsen.

Himp en xtc

It drugslab yn Suwâld kaam oan it ljocht nei in tip oer himptylt yn in loads. Yn desimber 2017 foel de plysje binnen. Der stiene 77 himpplanten yn de loads, mar yn de skuorre dêrefter wie in drugslab. It hie in kapasiteit fan 1,4 oant 2,3 miljoen pillen. Neffens de rjochter waard der op grutte skaal drugs produsearre.
De Landelijke Faciliteit Ontmantelen, in spesjalisearre team fan de plysje, moast der oan te pas komme om it lab te ûntmanteljen. Op itselde adres waard yn 2013 ek al in himpkwekerij oprôle.
De Assenaar waard frijsprutsen fan it opsetten fan in drugslab yn Zuidlaarderveen, dêr't yn 2018 gemysk materiaal fûn waard. Dat wie neffens de rjochter lykwols net genôch om prate te kinnen fan in drugslab.
In 37-jierrige man fan Grinslân is frijsprutsen foar belutsenens by it lab yn Suwâld. Syn DNA siet op in palletkar, mar neffens de rjochter wie der gjin bewiis dat it DNA echt yn it lab op de kar kaam is.

Oare feroardielingen

De feroardiele Assenaar hannele net allinnich en is ek net allinnich straft. In 32-jierrige Grinslanner moat twa jier de sel yn foar it opsetten fan in drugslab yn Nieuw Roden.
In 40-jierrige man fan Nieuw-Roden en in 32-jierrige man fan Zevenhuizen moatte ek twa jier de sel yn foar har rol yn dat lab. Foar it dumpen fan drûgsôffal hat de 40-jierrige man ek in taakstraf fan 160 oeren krigen.