Goudwikselkantoaren yn Fryslân sjogge mear klanten: "Soms staan ze jankend voor me"

Om feilichheidsredenen is der gjin goud oanwêzich op kantoar © Omrop Fryslân
De gouden earmbân fan beppe of gouden munten fan pake ferkeapje, it bart hieltyd faker yn Fryslân. Troch de oprinnende enerzjyprizen en hege ynflaasje sykje minsken nei manieren om rûn te kommen.
Op it goudwikselkantoar wurdt trettjin prosint mear as ferline jier ferkocht en ferpâne. Dat is it ôfsluten fan in liening mei in gouden sieraad as ûnderpân. De lêste tiid komt der hieltyd faker in oare groep nei it goudwikselkantoar.
Goudwikselkantoaren yn Fryslân sjogge mear klanten
Aart Eysink fan it goudwikselkantoar yn Ljouwert tinkt dat it te krijen hat mei ynflaasje. "Ik heb mensen jankend voor mij gehad, omdat ze hun boodschappen niet meer konden betalen. En er zijn mensen die zeggen: doe mij maar twee ton goud."
De minsken dy't harren goud of silver ferpâne, kinne dêr dus jild foar krije. Mar omdat de wearde fan goud net in soad feroaret troch de jierren en de ynflaasje wol tanimt, kieze oaren foar goud yn stee fan jild op de rekken.

'Gat tusken earm en ryk hieltyd grutter'

Eysink sjocht dat it gat tusken earm en ryk hieltyd grutter wurdt yn de saak. Oan de iene kant komme der minsken dy't jild nedich ha. Oan de oare kant minsken dy't ynsjogge dat jild minder wurdich wurdt.
Goudwikselkantoar yn Ljouwert © Omrop Fryslân
"Ze steken het voor de toekomst in 'waardevast' goud", seit Eysink. "Hoe hoger de inflatie, hoe minder je geld waard is. 10.000 euro op je spaarrekening is nu in deze tijd eigenlijk al 170 euro minder waard."
Goud is op it stuit 53.259,02 euro de kilo wurdich en dêrtroch weardefêster dan jild.

Skrinende ferhalen

It wurk by it goudwikselkantoar is troch de tiid bot feroare. "Het is net een achtbaan met aan de ene kant Jan Modaal, de middenklasser, die zijn dure horloge verkoopt om de eindjes aan elkaar te knopen en aan de andere kant de rijkere die goud komt ophalen."
Neffens Eysink is it wichtichste der foar de klanten te wêzen. "Ik vraag altijd naar de achtergrond van het te verkopen of te kopen goud, zodat we de waarde voor de mens beter kunnen inschatten. Daarnaast kan je vaak wel zien hoe belangrijk een sieraad voor iemand is en daarop geven wij advies. Laatst heb ik een vrouw geadviseerd die een erfstuk wilde wegdoen. Dat hebben we kunnen voorkomen en daar was ze achteraf erg blij mee."