Abel Kooistra beëage listlûker foar de BBB by Steateferkiezingen

In spandoek foar de BBB © ANP
Abel Kooistra fan Warstiens is de beëage listlûker fan de BoerBurgerBeweging (BBB) by de kommende Provinsjale Steateferkiezingen. Kooistra wie yn it ferline meiwurker by de Fryske PVV-steatefraksje.
Kooistra is junior beliedsadviseur by LTO Noord. Hy studearret skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG).
Yn de kuiergongen gie lang it lûd dat Femke Wiersma, de nûmer twa list op de lanlike list by de lêste ferkiezingen, de provinsjale list oanfiere soe. Dat is dus net it gefal. Se sil wol as listtriuwer fungearje.
Op 12 novimber sille de leden fan BBB it lêste wurd ha oer it listlûkerskip.