PC Frjentsjer iepene

01 aug 2012 - 09:57

Foarsitter Johannes Westra fan de keninklike permaninte kommisje hat woansdei de 159ste PC fan Frjentsjer iepene. Hy stie stil by ferskate saken dy't yn Fryslân spylje, lykas de sintrale as en Kulturele Haadstêd 2018. Seremoanjemaster Johannes van der Ploeg fan de kommisje waard yn it sintsje set fanwege syn 25-jierrich jubileum. Ek waard stilstien by it 15-jierrich jubileum fan de musical 'Kening op sokken' fan Rients Gratama. De PC hat dit jier in primeur mei giele perklinen op it Sjûkelân. Dêrmei moat it sicht op it spul better wurde.

Trefwurden: 
foarsitter keatsen PC jubilaris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)