Jonkje út de tiid troch jarre

01 aug 2012 - 09:48

In jonkje fan seis út Bantegea is tiisdeitemiddei opnaam yn it sikehûs, neidat er net goed wurden wie yn de stâl fan de pleats fan syn heit. Dy wie jarre oan it mingen. Neidat er even fuort west hie om in telefoantsje te beantwurdzjen fûn er it jonkje, dat út de tiid rekke wie. Ek trije kij wiene bedwelme rekke. De warskôge ambulânse hat it jonkje nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht. It liket nei omstannichheden goed mei him te gean. Ien fan de kij hat it net oerlibbe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)