Lilk oer beljen plysje

27 nov 2011 - 16:54

In telefoantsje mei de plysje hat der sneontenacht foar soarge dat in rûzje yn Drachten oergie yn stellerij. De GSM wie fan in 18-jierrige Drachtster. Dy wie lestich fallen troch in 20-jierrige plakgenoat. De 18-jierrige belle mei de plysje en doe waard de oare lilk. By de rûzje dêrnei foel de telefoan op de grûn. De 20-jierrige naam dy mei. De dupearre gie der achteroan, mar de 20-jierrige warde him ôf mei in riem.

De 20-jierrige wie eefkes letter op in oare lokaasje belutsen by fjochterij. De plysje hat him dêr oanhâlden.

Trefwurden: 
GSM stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)