Offalferwurker Van der Galiën rekket fergunningen kwyt nei oertrêdingen

© Omrop Fryslân, Ben de Jager
De fergunningen foar ôffalferwurkingsbedriuw Van der Galiën yn Koatstertille en Wâlterswâld binne definityf ynlutsen troch de provinsje.
De provinsje hie yn febrewaris dit foarnimmen al oankundige mar doe kaam der in kandidaat om it oer te nimmen. Dêrtroch wie der in kâns op ferbetterjen fan de bedriuwssituaasje.
Dizze kandidaat hat him no weromlutsen. Dat betsjut dat de provinsje definityf trochset mei it ynlûken fan de fergunningen.

Oertrêdingen

Neffens de provinsje en de miljeutsjinst FUMO is der al in langduorjende opinoarsteapeling fan oertrêdingen fan de miljeufergunningen troch Van der Galiën.
Van der Galiën krige doe noch in kâns om in sjenswize yn te tsjinjen en yn dy perioade tsjinne him de oernamekandidaat oan. Foar de provinsje oanlieding om te wachtsjen oant 1 jannewaris 2023

Tafersjoch

De lokaasje yn Koatstertille stie al sûnt juny 2020 ûnder strang tafersjoch fan de FUMO, de miljeutsjinst fan de provinsje. Der wiene meardere petearen, warskôgingen en oprinnende boeten. Mar der folge neffens de provinsje gjin ferbettering. Ek de situaasje yn Wâlterswâld wie net op oarder en brocht de provinsje ta dizze rigoereuze maatregel.
By Van der Galiën wurkje neffens it bedriuw 40 minsken.