Fatale oanfarring ropt fragen op, mar ek brânsj sels wachtet ûndersyk ôf

Op de fearboat tusken Harns en Skylge © ANP
De snelboat fan Doeksen en wettertaksy Stormloper kamen ôfrûne freed mei-inoar yn oanfarring. Dêrby kamen twa minsken om it libben en der wurde noch twa oaren fermist. It fatale ûngelok ropt in soad fragen op, mar dêr binne ek yn de sektor sels noch gjin antwurden op.
Jelle Bos is fan Bos Marine Services, ûnder oare fan de wettertaksy nei Skiermûntseach. Bos leit út wêr't in skipper fan in wettertaksy oan foldwaan moat: "Op dit moment moet een watertaxischipper volgens de wet een groot vaarbewijs hebben."
In skipper moat dêr net allinne teory foar leare, mar moat ek ûnderfining hawwe. "Een combinatie van vaardigheden in praktijk en theorie. Naast deze wettelijke verplichtingen leiden we onze mensen buitengewoon goed op. Er wordt gewezen op knelpunten in de vaarroutes. Dat gebeurt niet alleen bij kleinere particuliere bedrijven, maar ook bij de grotere spelers zoals Doeksen."

Rêdingsfesten just gefaarlik

Rêdingsfesten binne net ferplichte yn in wettertaksy, mar dat is mei opsetsin. "Dat zorgt voor een onveilige situatie op een schip. In een schip een reddingsvest dragen is juist gevaarlijk, want mocht een schip kapseizen of water maken, dan is het erg lastig om een schip te verlaten met een reddingsvest aan", sa leit Bos út.
Jelle Bos fan Bos Marine Services
It ûngelok yn it Skûtegat hat in soad losmakke yn de brânsj, fertelt Bos. "Ik moet zeggen dat wij als bergingsbedrijf dat ook watertaxi's uitvoert enorm aangeslagen zijn. Het is echt vreselijk wat er gebeurd is."
Dat komt ek mei troch de aard fan it taksyferfier, jout Bos oan. "De passagiers die wij meenemen zijn voor het merendeel ook beroepsvervoer. Brandweerlieden, ambulancemensen, bouwvakkers. Je zit dicht bij elkaar, je hebt persoonlijk contact en ziet dezelfde mensen vaak meerdere malen per week."
Bos doart net te sizzen hoe't de oanfarring krekt ûntstean koe. "Het is een smal vaarwater", seit er wol. "Maar wat de aanleiding is, zal onderzoek moeten uitwijzen. Daar kijken wij ook allemaal naar. Misschien is er wel iets heel erg goed gedaan, waardoor het aantal slachtoffers beperkt is. Dat weten we simpelweg niet."

Radarsichtberens

Peter Geijsel, skipper en dosint oan de Maritieme Academie yn Harns, doart lykas Bos neat te sizzen oer de oarsaak fan it fatale ûgelok op de Waadsee. Mar hy kin wol útlizze hoe't it mei de sichtberens fan de boaten wurket.
It wie noch tsjuster doe't de twa boaten inoar tsjinkamen, mar foar de Tiger is in radar oan board wol ferplichte. "Zo'n snel schip moet uitgerust zijn met een radar. Dat mag niet varen zonder", leit Geijsel út.
De Stormloper hat nei alle gedachten ek in radar. "Maar zoals het op die ochtend was, is het niet verplicht om met radar te varen."
Skipper en dosint Peter Geijsel
Mei in scanner wurde sinjalen ferstjoerd. "Als er ergens een reflectie is en het ergens tegenaan botst, zal die radar die informatie verwerken en dat op een scherm zichtbaar maken."
Dêr kin altyd wat fertraging op sitte. "Dat hangt ervan af hoe snel de scanner ronddraait. De Tiger is een snel schip, daar draait de scanner sneller en daar wordt ook vaker het beeld ververst."
As in skip bygelyks fan keunststof is, kin de refleksje minder wêze. "Maar vaak zijn ze dan wel uitgerust met een radarreflector. Die zorgt ervoor dat er dan wel wat te zien is op de radar."