Undersiker: "Wêr't slachtoffers Waadsee fûn wurde is hast net te foarsizzen"

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It is hast net te foarsizzen wêr't de twa miste slachtoffers fan de oanfarring op de Waadsee fûn wurde kinne. Dat seit oseänograaf en KNMI-ûndersiker Sybren Drijfhout. Der binne gewoan te folle fariabelen om rekken mei te hâlden.
Der wurdt noch hieltyd socht nei in folwoeksen man en in jonge dy't nei de oanfarring freed, tusken in snelboat en in wettertaksy yn it Skûtegat by Skylge mist wurde.
Yn teory soe it mooglik wêze moatte om in model berekkenje te litten hoe't persoanen meinaam wurde troch de see, jout de ûndersiker oan. Mar yn de praktyk binne der tefolle tûkelteammen dy't it 'bijna onmogelijk' meitsje.
Wêr't de twa slachtoffers fûn wurde kinne is hast net te foarsizzen
"Er zijn wel modellen van de Wadden- en Noordzee, door bijvoorbeeld TU Delft ontwikkeld. Die gebruiken we ook bij het KNMI en Rijkswaterstaat om stormvloeden te voorspellen. Maar hier moet je nóg preciezer meten", jout Drijfhout oan.

Waadseeboaiem feroaret

Alderearst soe sa'n model al sa detaillearre wêze dat in superkompjûter it oppakke moat. Mar dêrnjonken spylje der tal fan saken mei: bygelyks hoe kâld it wetter is, hoe hurd it wetter streamt, watfoar persoan it is en hoe lang dyjinge noch swommen en dreaun hat.
De Waadsee is frij ûndjip, leit Drijfhout út. "En hoe ondieper water is, hoe meer de stromingen ook aan de bovenkant gestuurd worden door hoe de bodem eruit ziet."
KNMI-ûndersiker Sybren Drijfhout © ANP
De boaiem kin bestean út sânbanken en geulen dy't somtiden mar tsien meter breed of sels smeller binne. "Als je dat met een model wilt wilt voorspellen of simuleren, moet je dat oplossen met een heel fijnmazig rooster."
Ien fan de sykaksjes op de Waadsee © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Boppedat moatte je krekt witte wat it sân docht dat meisleept wurdt. "Je moet heel precies weten hoe de zandbodem transformeert, hoe de stromingen als functie van het getij veranderen en hoe de winden waaien. Dat moet je ook weer op een fijne schaal kunnen reproduceren."

'Natte-vinger-aannames'

En de ferskillen tusken de lytse skaal fan de Waadse mei wat satelliten waarnimme en waarmodellen opsmite kinne, is grut.
"Er komen dan wel heel veel natte-vinger-aannames bij", seit Drijfhout, al folgje wyn- en luchtdrukferskillen wol rûgere patroanen as de streamingen yn it wetter.

Berekkenje kostet tiid

It berekkenjen soe ek in soad tiid kostje. "Er zijn kaarten te maken op een gemiddelde wind, van hoe de stroming ieder uur in een getijcyclus verandert. Die zouden kunnen helpen, maar dan moet je alsnog weten wat voor windcorrectie je toe moet passen. Dat zou met de natte vinger moeten. Want voor je dat op kleinere schalen hebt gezet en in een model hebt gestopt, ben je een hele poos verder."
Oseänograaf en KNMI-ûndersiker Sybren Drijfhout
As lêste sit der ek in minsklik aspekt oan. "Je moet weten hoe lang een persoon door de stroming wordt meegevoerd. Daar is om allerlei redenen ook niet zoveel onderzoek naar gedaan."
Dêrby spilet ek oft de persoan noch swommen of omdreaun hat of net, en hoe lang't it duorre hat tusken it momint dat in persoan oerboard slacht en nei de boaiem sakket.