PvdA en CU wolle dat mienskip sels mei ideeën komt foar berikberens

Fryske jongelju wachtsje op de bus © ANP
De Fryske mienskip moat útdage wurde om sels mei ideeën te kommen om har doarp of wyk berikber te hâlden mei it iepenbier ferfier. Dêr pleitsje de Steatefraksjes fan PvdA en ChristenUnie foar.
De beide fraksjes dogge dêr woansdei in foarstel foar yn Provinsjale Steaten. Der wurdt praat oer de easken foar de oanbesteging fan it busferfier nei 2024.
Doarpen en doarpsbelangen soene geregeld by de PvdA en CU oanjaan dat sy meitinke wolle oer de berikberens fan har doarp, sa sizze de fraksjes.
Dêrom wolle de partijen dat doarpen en wiken in plan fan oanpak yntsjinje kinne, dat beoardiele wurde kin en dat by grien ljocht in pilot wurdt. As dy suksesfol is, soe de pilot mooglik ek op oare plakken realisearre wurde kinne.
Oft de moasje fan de partijen it hellet moat woansdei bliken dwaan, as der oer de buskonsesje foar 2024-2034 praat wurdt.