Kolleezje Weststellingwerf wol der de kommende 4 jier sa'n 700 huzen by

It gemeentehûs fan Weststellingwerf yn Wolvegea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It kolleezje fan Weststellingwerf wol oant en mei 2026 in lytse 700 nije huzen bouwe litte yn de gemeente. Dat docht bliken út it kolleezjeprogramma en de begrutting, dy't oer twa wiken troch de gemeenteried behannele wurde.
Njonken de bou fan 70 huzen oant en mei 230 wol de gemeente nochris 400 huzen ekstra bouwe. It kolleezje wol him op Wolvegea en Noardwâlde rjochtsje, mar wol ek doarpsinisjativen de romte jaan.
Foar doarpen komt der in 'wenningboutoolkit', in helpmiddel foar doarpen om alle stappen foar nijbou-inisjativen troch te rinnen. Weststellingwerf wol bouwe 'op passende skaal' en mei ekstra omtinken foar betelbere wenten foar starters en âlderein.
Fierder wol it kolleezje ek ôfspraken mei korporaasjes meitsje, yn de foarm fan in húsfêstingsferoardening. Dat om genôch wenplak foarinoar te krijen foar kwetsbere doelgroepen. Foar de simmer fan takom jier wol Weststellingwerf ek in wensoarchfisy opstelle, om projekten op te setten dêr't wenjen, soarch en begelieding byinoar komme.

Moetingsplak en ferkear

It kolleezje wol fierder ynsidinteel 100.000 euro en struktureel 40.000 euro útlûke foar in 'moetingslokaasje.' Ek wolle sy in miljoen euro stekke yn it ferbetterjen fan de ferkearstrochstream yn Wolvegea, 500.000 euro foar it oplossen fan knyppunten en 50.000 euro foar it opstellen fan in ferkears- en ferfiersplan.