Mark Cavendish wint profronde

31 jul 2012 - 21:14

Sprinter en wrâldkampioen Mark Cavendish hat tiisdeitejûn de profronde fan Surhústerfean wûn. Twadde waard Peter Sagan, Pieter Weening einige op it tredde plak. Weening ried lange tiid foarop, mar waard yn de lêste 50 meter yn de sprint ferslein. 'It wie in moaie ronde, mei in goed publyk,' sei Cavendish nei ôfrin.

Pieter Weening spruts nei ôfrin fan 'ien fan de fluchste profrondes ea'. Weening fielt de Tour de France noch altyd, mar hopet op tiid klear te wêzen foar de Vuelta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)