Burgumer delslein yn Drachten

27 nov 2011 - 16:35

Yn Drachten binne sneontenacht twa jonges oanhâlden foar mishanneling. It giet om in 17-jierrige jonge út De Pein en in 18-jierrige Harkemaster. Se soene by in útgeansgelegenheid op de Noardkade in 19-jierrige Burgumer tsjin de flakte slein hawwe. De plysje waard dêr om fjouwer oere hinne roppen.

De Burgumer sei dat de twa him delslein hiene. De beide fertochten binne foar ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)