Arieke Sieben siet yn de Tiger mei it ûngelok: "Het was een enorme klap"

Arieke Sieben siet by it ûngelok yn de Tiger © Omrop Fryslân
"Het was een enorme klap. Pas later hoor je dat mensen door die klap hun leven hebben verloren." Dat seit Arieke Sieben, ien fan de ynsittenden fan fearboat Tiger, dy't fan 'e moarn op de Waadsee yn oanfarring kaam mei wettertaksy Stormloper.
It wie 07.00 oere doe't de Tiger fuortgong út de haven fan Skylge wei. Arieke Sieben siet boppeyn mei fiif oare minsken. Nei in lyts kertier kaam der in enoarme knal. "We stonden ineens stil. Mensen dachten dat we op een boei waren geknald", seit Sieben.
De ynsittenden wisten doe noch net dat de Tiger tsjin wettertaksy Stormloper botst wie. Twa persoanen oerlibben it ûngelok net. In jonge fan tolve en in folwoeksen man wurde noch fermist.

Ljochtboeien en rêdingsboaten

"Het klonk alsof er iets gescheurd was in de boot. De bemanning kwam meteen uit de stuurhut en vertelde ons om kalm te blijven. Dat gebeurde ook. Er was geen paniek." De helptsjinsten wiene gau teplak, seit se. "Buiten, in het donker, zagen we al snel bemanning in pakken, lichtboeien, en reddingsboten."
Stadichoan kaam it besef wat de omfang fan it ûngelok wie. "Eerst weet je nog niet wat er precies is gebeurd. Maar al snel komen de berichten van buitenaf. Ik werd geappt, en ook op Twitter zag je updates."

'Een afschuwelijk ongeluk'

"Je hoort dan pas dat mensen door die klap hun leven hebben verloren. Dat het een afschuwelijk ongeluk was. Het is enorm verdrietig allemaal."
Sieben fertelt dat de kapitein nei in skoftke melde dat de Tiger skea oprûn en de boat stadichoan fierder gie nei Harns. Stewardessen rûnen del om de ynsittenden te kalmearjen. "Toen we eenmaal aanmeerden, werden we opgevangen met koffie en thee. Dat was fijn geregeld."

Parsekonferinsje

Letter op de middei hâlde de autoriteiten in parsekonferinsje yn Harns. Dy is te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, radio en online. De parsekonferinsje begjint om 16.00 oere.