Plysje komt Frysk drugsnetwurk op it spoar en pakt trije fertochten op

© Shutterstock.com (Valerii__Dex)
Der binne trije arrestaasjes ferrjochte yn in grut ûndersyk nei in Frysk drugsnetwurk, dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. In Ljouwerter, Harnzer en Amsterdammer sitte sûnt ein septimber fêst.
De trije fertochten holden har dwaande mei drugstransporten nei Dútslân ta. De ferochten hannelen yn hard- en softdrugs, lykas himp, amfetaminen en kokaïne.
Sy binne al yn septimber oppakt, mar de fertochten moatte no twa moannen langer fêstsitten bliuwe. It giet om in 41-jierrige man fan Harns, in 43-jierrige man fan Ljouwert en in 24-jierrige Amsterdammer.
Der binne ferskate ynfallen dien yn de provinsje. De Harnzer is ein septimber oppakt yn Harns, de twa oaren binne oanholden yn Frjentsjer en Ljouwert. By in ynfal yn in garaazjeboks yn Ljouwert is in soad himp, in partij MDMA en produksjemateriaal fûn.
Yn in Drachtster buorkerij fûn de plysje restanten fan in produksjeline foar drugs. En by in sykaksje yn Harns binne kontant jild, weinen en sieraden yn beslach naam.

Fia fersleutele berjochten

Plysjeminsken hawwe de fertochten fûn troch fersleutele berjochten fia EncroChat iepen te krijen. Dêrtroch krige de plysje ynsjoch yn hjoeddeiske kriminele drugsnetwurken yn Fryslân. It netwurk EncroChat is faker brûkt yn de organisearre misdied om kriminele aktiviteiten te plannen.
Klaas Jan Bos fan it Iepenbier Ministearje
De riedkeamer hat besletten dat de fertochten 60 dagen langer yn foarriedich fêstsitten bliuwe. De plysje slút nije oanhâldingen net út.