Hurdrider mislediget plysje

27 nov 2011 - 16:02

In 38-jierrige Ljouwerter is sneon oanhâlden foar bedriigjen en misledigjen fan de plysje. De man waard sjoen doe't er op it Oostergoplein yn de stêd mei syn auto troch read ried en dêrnei mei kûgelsfeart de Aldlânsdyk del, oer it Drachtsterplein en De Himrik, Camminghabuorren yn.

Oan de Grovestins waard er úteinlik troch de plysje stilhâlden. De fertochte misledige de plysje en ried dêrnei opnij fuort. By syn wenning koe de man úteinliks opnij troch de plysje achterhelle wurde. Dêr bedrige er de plysjeminsken. De plysje hat him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
mislediging hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)