Sipke Hulshoff sjocht út nei wurkjen by Oranje: "Dit is in dreambaan"

Sipke Hulshoff © ANP
Assistint-bûnscoach wêze is foar Sipke Hulshoff fan Twizel in "dreambaan". Hulshoff fynt it dan ek fantastysk dat takomstich bûnscoach Ronald Koeman him frege hat om dy funksje op him te nimmen.
Moandei kaam it nijs offisjeel nei bûten. "Myn telefoan is ûntploft. Allinnich de minsken yn myn direkte omjouwing wienen op de hichte. Gelokkich hoegde ik fierder net te ligen, want net ien hie ferwachte dat ik petearen oer dizze funksje hawwe soe."

In goede klik

Hulshoff is op dit stuit assistint-trainer fan Feyenoord. Dat bliuwt hy ek, mar mei ynterlânperioaden sil Hulshoff by it Nederlânsk alvetal wêze. "Ik bin Feyenoord hiel tankber dat se my dizze kâns jûn hawwe. Sy hawwe foar my de doarren iepene om de petearen oan te gean."
Hulshoff hat meardere kearen mei Koeman om de tafel sitten. "De klik wie der fuortendaliks. We binne beide nochteren minsken en we binne pasjonearre oer wêr't wy deistich mei dwaande binne, fuotbal. Dan fielt in petear al fluch normaal."

Op it heechste nivo

De Twizeler hat in ferline as assistint-trainer fan ûnder mear SC Cambuur en FC Volendam. By de Ljouwerters wie hy ek noch in skoftke ynterim-haadtrainer. Sûnt ferline jier wurket de Twizeler by Feyenoord. Yn 2021 noch as trainer fan de beloften fan de Rotterdammers en fan dit seizoen ôf as assistint fan haadtrainer Arne Slot.
No folget de stap nei it alderheechste nivo. "Ik hie net tocht dat dit ea foarbykomme soe. Ik ha der hurd foar wurke en ik bin grutsk op de kâns dy't ik krij."
Hulshoff begjint op 1 jannewaris en bliuwt oant en mei it Europeesk kampioenskip fan 2024 by Oranje, sa is de bedoeling. Oranje komt earst noch yn aksje op it WK yn Katar.