Jorrit Schreuder yn Kiev: "Yn Ljouwert kinne je ek ûnder de bus komme"

Jorrit Schreuder mei syn gesin yn Oekraine © Jorrit Schreuder
Se tochten dat it frachtweinen wiene, mar it wiene raketynslaggen. Jorrit Schreuder, Fries om utens dy't mei syn Oekraynske frou en twa bern yn Kiev wennet, fernimt grutte eangst en besiket tagelyk nochteren te bliuwen.
Ferline wike wie der moarns betiid in gromjend lûd, in grut gedonder en it die bliken dat de oanfallen op harren stêd wer begûn wiene. Dat wie in nuvere gewaarwurding, fertelt Schreuder.
De bern waarden wol nei skoalle brocht, mar dy hawwe sân oeren mei de klasse yn in skûlkelder sitten, sa die letter bliken. Schreuder lies it úteinlik yn de Telegraaf en op guon apps dat de oanfallen op it sintrum fan de stêd in feit wiene. Sels wennet Schreuder sân kilometer súdlik fan de Oekraynske haadstêd.

Pakketten klearmeitsje

"It is in ûnrêstich gefoel, wat komt der noch mear? De grutte eangst is in nukleêre oanfal. Dêr ha we ek al ynstruksjes foar hân." Sa moasten se al pakketten foar de bern foar skoalle klearmeitsje. Mei maskers en oar guod. Schreuder sels tinkt dat it safier net komme sil. "Dan is it ek klear foar Ruslân."
Schreuder sit op dit momint by syn skoanmem op it plattelân. Hy wol graach mei syn húshâlding werom nei Kiev omdat der dochs de eangst is dat der nije oanfallen komme út Belarus wei.
Dan wol er leaver yn Kiev sitte, want dan sitte se oan de goeie kant fan de rivier de Dnjepr, de rivier dy't troch Kiev rint. Dan kinne se makliker flechtsje nei Europa. Wêr't er no sit is dat net sa.
Ast yn Ljouwert op de fyts of yn de auto rydst kinst ek ûnder de bus komme.
Jorrit Schreuder
En sa seit Schreuder, it klinkt miskien kru, mar yn Kiev binne 14 minsken omkaam. Kiev is in stêd mei 2 miljoen minsken. "Dat moast in bytsje ynskatte. Ast yn Ljouwert op de fyts of yn de auto rydst kinst ek ûnder de bus komme."

Risiko's

Se binne hieltyd de risiko's oan it ynskatten. Se hawwe in heal jier yn Frankryk sitten, mar Oekraine is it lân dêr't it hert leit.
Se hawwe der nettsjinsteande de oarloch in goed libben, seit Schreuder. "By skoanmem groeit der fan alles yn de tún: ierappels, mais, augurken, tomaten. Se hat piken om it hûs hinne. Alles is hjir. Minsken soargje foar inoar."
Jorrit Schreuder yn Kiev: "Yn Ljouwert kinne je ek ûnder de bus komme"