Bussjauffeurs stake dizze wike trije dagen, touringcars nei Zwolle ride wol

Yn juny waard der ek al staakt troch sjauffeurs © ANP
Bussjauffeurs yn it streekferfier lizze fan woansdei oant en mei freed it wurk del. Dêr ropt it fakbûn FNV alteast ta op. It fakbûn easket in fatsoenlike cao en fiert aksje tsjin it útklaaien fan it iepenbier ferfier.
Nettsjinsteande eardere stakingen binne sjauffeurs en wurkjouwers noch net tichter byinoar kaam, jout FNV oan. "Ze steken gewoon hun middelvinger op naar hun eigen personeel", sei FNV-bestjoerder Marijn van der Graaf earder.
It konflikt spilet al moannen. Mar om't fakbûn CNV de hjoeddeiske cao wól tekene hat, jildt de cao wol. FNV wol bettere ôfspraken om wurkdruk te ferminderjen en ynflaasje te kompensearjen. De sjauffeurs easkje ûnder oare tsien persint leansferheging.

Bussen nei Zwolle ride wol

De staking falt gear mei it útfallen fan alle treinen tusken It Hearrenfean en Meppel, tusken 15 en 23 oktober. Mar de bussen dy't as ferfanging fan de treinen ynpland binne, ride wol gewoan.
"Dat gaat wel door, want het zijn touringcars die dat vervangend vervoer verzorgen. Zij vallen onder een andere cao. Het werk wordt niet gedaan door de reguliere lijnbussen, die onder het ov-cao vallen", sa leit bestjoerder Edwin Kuiper fan FNV Streekferfier út.

Mear lean, bettere arbeidsbetingsten

Neffens Kuiper binne de stakingen yn it streekferfier wol nedich. "De cao die in februari is afgesproken, geeft een loonsverhoging van twee procent en een kleine bonus aan. Maar er wordt met geen woord gerept over werkdruk verlagende maatregelen en er worden geen goede arbeidsvoorwaarden afgesproken."
In bus fan Arriva © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Mei goede arbeidsbetingsten is de kâns ek grutter op mear nije ynstream fan bussjauffeurs. "Het chagrijn is vrij groot. De werkdruk en het ziekteverzuim zijn hoog, men is er wel klaar mee." Kuiper foarseit dêrom in grutte reewilligens om te staken.

Kwaliteit Frysk iepenbier ferfier

FNV fynt ek dat de kwaliteit fan it streekferfier tebek rint. "Met name in plattelandsprovincies zoals Fryslân gaat de kwaliteit van het openbaar vervoer enorm achteruit. In Fryslân is het heel zichtbaar: er worden dorpen afgesneden van openbaar vervoer, bussen komen niet opdagen, passagiers kunnen niet in volle bussen terecht, er zijn krappe dienstregelingen."
It fakbûn sil dêr ek mei provinsje Fryslân oer yn petear, dy't de opdrachtjouwer is. "We zijn daar druk mee bezig, we hebben ook contact met politici. De aanbesteding voor 2024 gaat nu lopen, dus er zijn ook inspraakmogelijkheden. We zitten er kort op en laten graag van ons horen."