Sipke Hulshoff fan Twizel wurdt assistint-bûnscoach by it Nederlânsk alvetal

Sipke Hulshoff © ANP
Sipke Hulshoff wurdt assistint-bûnscoach fan it Nederlânsk alvetal. De coach út Twizel krijt in plak yn de stêf fan takomstich bûnscoach Ronald Koeman, makke fuotbalbûn KNVB bekend.
Op dit stuit is Hulshoff assistint-trainer fan Arne Slot by Feyenoord. Dat bliuwt hy ek dwaan, mar mei ynterlânperioaden sil Hulshoff by it Nederlânsk alvetal wêze. Hy begjint op 1 jannewaris en bliuwt oant en mei it Europeesk kampioenskip fan 2024 by Oranje, sa is de bedoeling.
Dit binne de dingen dy’t mar ien kear yn je libben foarby komme.
Sipke Hulshoff
Hulshoff is 'super grutsk', sa fertelt er. "Dit is prachtich fansels. Dit binne de dingen dy't mar ien kear yn je libben foarby komme." In pear moannen lyn hat Koeman de saakwaarnimmer fan Hulshoff frege. Dêrnei hawwe se meardere petearen fierd. "It gefoel is goed", sa fernaam Hulshoff.
Hy hat om tafel sitten mei Ronald Koeman, mar ek mei syn broer Erwin. Dat is de oare assistint-trainer. Mar hoe is de bûnscoach by Hulshoff útkaam? "Hy hat hjir en dêr ynformaasje ynwûn oer potinsjele assistint-trainers fan it profyl dat er siket. Der sille tink ik meardere kandidaten west ha. Hy hat yngreven ûndersyk dien."
Bûnscoach Koeman is bliid mei Hulshoff, sa seit er op de KNVB-webside. "Sipke is een innovatieve veldtrainer, die onze technische staf goed aanvult. In mijn staf probeer ik altijd mensen samen te brengen die elkaar versterken. Ik denk dat dit is gelukt."

Cambuur, Volendam, Feyenoord

Nei aventoeren yn Gana en Katar kaam Hulshoff by Cambuur. Dêr wurke er as assistint-trainer, mar wie der ek perioaden ynterim-haadtrainer fan it earste alvetal. Yn 2019 waard de 47-jierrige fuotbaltrainer assistint-trainer fan Wim Jonk by FC Volendam.
Sûnt ferline jier wurket de Twizeler by Feyenoord. Yn 2021 noch as trainer fan de beloften fan de Rotterdammers en fan dit seizoen ôf is er assistint fan Slot. Beiden wurken by Cambuur ek mei-inoar.