Fryske film Pionier yn premjêre: ien film ferdield oer trije skermen

Akteur Lourens van den Akker yn de film Pionier © Omrop Fryslân
Yn de Vitoriustsjerke yn Penjum is freedtejûn de Fryske film Pionier yn premjêre gien. Yn de film ûndersiket in jonge boer oft en hoe't er it boerebedriuw fan syn pake oernimme sil. Dêrby komme alle hjoeddeiske tema's yn de lânbou foarby.
"De subtitel van de film is: 'Als een boer kon kiezen'", seit regisseur en senarioskriuwster Gerda Holzhaus. "Het is heel moeilijk om te kiezen in deze tijd. Grootwinkelbedrijven, de politiek, iedereen jaagt je op. De banken ook. Ze willen allemaal dat je maar groeit en groeit, en meer, meer, meer investeert. Om een stap terug te zetten ben je haast een soort softie of zo. En hij zoekt een weg waarin hij zich goed voelt."
De regisseur krige nei ôfrin positive reaksjes fan it publyk. "Het was een doodstille zaal. Dat betekent of het is helemaal niet goed, of het is heel erg goed. Ze komen naar me toe dat ze het prachtig vinden, dus dat is belangrijk."
Gerda Holzhaus © Omrop Fryslân
De film wurdt tagelyk op trije skermen fertoand. Somtiden rinne de bylden yn inoar oer, mar noch faker is op it iene skerm in hiel oar shot te sjen as op it oare skerm.
"Het ene scherm is het verleden, het andere scherm het heden en het derde scherm is vooral de fantasie, en ook wel de toekomst", leit Holzhaus út. "Door die beelden naast elkaar te laten zien, je moet wel heel erg opletten, krijg je wel een geheel van de binnenwereld van de boer te zien."

Jonge boeren

Neist haadrolspiler Lourens van den Akker, dy't freed net by de premjêre wêze koe fanwegen in repetysje mei Tryater, spylje der ek jonge boeren yn de film. Leon Odinga fan Harns is ien fan harren.
"Ik tink dat it hiel moai op byld set is hoe't elke jonge boer dwaande is mei syn takomst en hoe't er dat op syn manier ynfollet", seit Odinga. "De fragen dy't yn de film nei foaren komme, spylje by ús allegearre wol. Wêr giet it hinne?"

Yn it wykein

De film is yn elk gefal oant en mei ein novimber yn de tsjerke fan Penjum te sjen. Minsken dy't ynteressearre binne, moatte wol yn it foar efkes in kaart bestelle. En as se dy hawwe in jas meinimme, want de kachel docht it noch net yn de tsjerke. Dêrom folget nei novimber nei alle gedachten earst in winterstop.