Lânbouminister Adema set fraachtekens by rap útkeapjen pykbelêsters

Piet Adema reagearret op it stikstofadvys fan Johan Remkes © ANP
It kabinet wol dat der rap in lânbouakkoart komt en wol de klam lizze op it legalisearjen fan PAS-melders. It kabinet nimt it stikstofadvys fan Remkes hast hielendal oer.
"Dat betsjut dat alles wat Remkes oanjûn hat, wêr't we mei oan de slach kinne, dat we dêr ek mei oan de slach geane", seit lânbouminister Piet Adema. "Ik gean de kommende wiken oan de slach, mei de sektor, om te kommen ta in lânbouakkoart."
Ien fan de advizen fan Remkes oan it kabinet wie om gau 500 à 600 saneamde pykbelêsters út te keapjen. Dat is ien fan de punten dêr't it kabinet mooglik wat minder strang op wêze wol. "Wy ha sein dat it in hiel ambisjeus doel is. Wy moatte sjen oft we dat foarinoar krije kinne, mar wy ha der wol in fraachteken by set oft dat sa rap kin."
It kabinet hat hjoed foar it earst in offisjele reaksje jûn op it stikstofrapport fan Johan Remkes. Dat rapport mei de titel 'Wat wel kan' waard op 5 oktober presintearre nei in simmer fan petearen mei allerhanne belutsen partijen lykas boeren, natuerorganisaasjes, polityk en bedriuwen.
Yn it rapport stean de wichtichste oanbefellings hoe't it stikstofprobleem oplost wurde moat.
It advys fan Remkes oan it kabinet wie ek om goed yn kontakt te bliuwen mei de belutsen partijen, troch bygelyks alle moannen gear te kommen. "Mei ien kear yn de moanne rêde we it tink ik net", seit Adema. "Ik tink dat wy alle wiken byinoar komme moatte, want der moat in hiel soad wurk ferset wurde."

'Slachtoffers swalkjend oerheidsbelied' helpe

It kabinet wol ek sjen nei it legalisearjen fan PAS-melders. Dat binne boeren dy't bûten har skuld op dit stuit gjin jildige fergunning hawwe. Sy waarden troch Remkes 'slachtoffers van zwalkend overheidsbeleid' neamd, 'die bij voorrang moeten worden geholpen'.
Yn Fryslân binne der 225 fan sokke PAS-melders. Deputearre Klaas Fokkinga sei fan 'e wike al dat er de stikstofromte dy't frijkomt by it útkeapjen fan boeren ynsette wol om dizze groep te helpen.
Piet Adema reagearret op it stikstofrapport fan Johan Remkes
Adema hopet takom wike yn Brussel noch wat foar de lân- en túnbousektor dwaan te kinnen. "Brussel is tige wichtich as it giet om de Nederlânske lânbou. De lânbou is de boeren, mar it belied begjint yn Brussel, dus dêr moatte we wêze. Ik moat yn Brussel wêze om de belangen fan net allinnich de boeren, mar ek fan de ikkerbouwers, de túnders, de fiskers te tsjinjen."
Oer de twongen útkeap fan boerebedriuwen hat it kabinet fierder net praat, seit de minister.
Stikstofminister Christianne van der Wal seit ek dat it kabinet it advys fan Remkes sa bot mooglik omearmet. "Maar de piekbelasters terugbrengen is wel heel erg ambitieus. Remkes heeft ook een denkrichting en advies gegeven, maar niet met een uitgewerkt plan erbij."

Pykbelêsters net allinnich útkeapje

"Ik wil de komende twee à drie weken benutten om te kijken wat hij nou adviseert", seit se. "En wie zijn die piekbelasters? Daar hebben we helemaal geen definitie van."
Christianne van der Wal wol ek nei oare sektoaren sjen
Boppedat: "Remkes zegt niet alleen dat we de piekbelasters moeten opkopen, maar het gaat om emissiereductie. Dat betekent dat piekbelasters kunnen verplaatsen, omschakelen naar een ander type bedrijf of vrijwillig stoppen. Daar wil ik op inzetten, maar het moet wel snel."
Oare sektoaren moatte ek leverje, seit de minister fan stikstof. "In januari stellen we ook doelen voor de industrie vast."