HEA! Aant 'The Eagle' smyt se út

HEA! Aant 'The Eagle'
Darte kin hy as de bêste, allinne it rekkenwurk fynt hy der lestich by. Aant 'The Eagle' Jager fan Sint Nyk skoart heech yn de Specials-klasse fan it Dartbûn. Dat is de divyzje foar darters mei in beheining.
Tegearre mei syn maat Jelle Jan Dijkstra foarmet er in goed team. Aant smyt en Jelle Jan stipet him by de wedstriden en alles deromhinne. De planke mei prizen op de sliepkeamer fan Aant wurdt hieltyd foller. Mei 'The Eagle' as syn bynamme is hy al in hiele bekende yn it dartsirkwy.