Opnij winst follybalfroulju

27 nov 2011 - 15:27

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon de útwedstriid tsjin Dynamo Apeldoorn mei 3-1 wûn. De Snitsers ferlearen de earste set, mar lutsen dêrnei de wedstriid nei harren ta. De setstannen wiene 26-24, 22-25, 16-25 en 19-25. It wie de twadde winst op rige.

Nei sân wedstriden stiet de ploech op it sechsde plak. Nije wike stiet de wedstriid tsjin Kindercentrum op 'e aginda, de nûmer fjouwer.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
(advertinsje)