Resinsje Tryater-foarstelling Romte: Wjerspegeling fan it inerlik

Henk te Biesebeek beskôget Romte troch Tryater © Omrop Fryslân
It kin wer. Tryater bringt mei Romte in foarstelling wêrby't domdryst lake wurde kin. In soarchleaze komeedzje, sûnder al te folle djipgong. Dat dan wol wer.
Dochs hat teätermakker en regisseur Eelco Venema mei Romte perfoarst gjin 'niemendalletje' ôfleverje wollen. Nettsjinsteande in grut ferskaat oan humoristyske sênes mei ûndûbelsinnige grappen, wol Venema wol deeglik in boadskip ôfjaan.

Spegel

Nei't it publyk goed twa oeren lang fermakke is mei in 'sitcom' oer wenhuzen en harren bewenners troch de tiden hinne, hâldt aktrise Marjolein Ley it publyk oan 'e ein dochs in spegel foar.
De taskôgers ha dan wol ynsjoch krije kinnen yn hoe't it measte minsklike leed him yn 'e romte achter de foardoar ôfspilet - en troch de foegen nei bûten sipelet - mar úteinlik moatte we dochs op syk nei de romte yn ússels om ús libben de juste rjochting te jaan.
Lourens van den Akker toant him as buorman Kooistra in raskomediant © Bas de Brouwer
It is sûnder mis in aardich útgongspunt. Us wenten as kapstôk, basis fan it húslik famyljegelok. Sjoch hoe't de minsken wenje en je krije in prachtich byld fan de tiidgeast, dy't derby heart. Hoe't de minsken libje en tinke. En feroarje mei de tiden mei.

Famyljefoto

Dat begjint yn dizze foarstelling yn 1960. We sjogge in dekôrbyld dat tinken docht oan tv-searjes as Toen was geluk nog heel gewoon, mei Gerard Cox en Sjoerd Pleijsier. De tiid fan swart-wyttelefyzje, koalekachel en de lucht fan sprútsjes. Mei in tradisjoneel famyljeportret, sa as dat eartiids yn hast alle húskeamers oan 'e muorre hong, wurde de spilers kadere: de famylje Giancarlo Serra.
Mei Beppe Costa as de Italiaanske arbeidersmigrant en heit fan Marjolein Ley as de temperamintfolle dochter Gloria, op wa't buorman Lourens van den Akker stikem smoarfereale is. En dan ha we ek noch Pleun de Roode as oerkommen dochter fan de padre familias, dy't like maklik yn de hûd fan minneres en Oekraynske flechtling krûpt.
Famyljeportret út 1979 fan de bewenners fan Romte © Bas de Brouwer
Mei dizze bûnte famylje rinne we yn totaal fjouwer tiidrekken troch. Sa springe we nei de earste sêne yn 1960 oer nei it tiidsbyld fan 1979 en 1989 om úteinlik te einigjen yn 2022.
Mei it ferskowen fan de tiid wurdt fansels ek it dekôr oanpast. It peteroaljestel wurdt in gaskomfoar dat wer ferfongen wurdt troch de magnetron. En de personaazjes feroarje mei, yn kostúms en karakter.

Húsfrou

Sa ûntwikkelet dochter Gloria, hearlik spile troch Marjolein Ley, har fan soarch- en folchsume húsfrou ta ultramoderne lifecoach. Buorman Kooistra siket earst in politike karriêre by de GPV, om fia Gemeentebelangen úteinlik by syn eigen List Kooistra út te kommen.
Fan mienskip en meimekoar ien nei in tiidrek fan yndividualisme en eigen belang. In boadskip dat nochris ûnderstreke wurdt as dit kear gjin keutelich famyljeportret makke wurdt, mar buorman Kooistra in lege list mei allinnich it jiertal 2022 omheech hâldt.
Marjolein Ley as Gloria op syk nei 'romte' © Bas de Brouwer
Yntusken wurdt it publyk traktearre op in bûnte oaninoarskeakeling fan grappen en grollen. Neffens Beppe Costa binne dat ek haadeleminten om hjoed-de-dei fan in famyljefoarstelling in absolút sukses te meitsjen: humor, nostalgy en seks.
Spitigernôch binne net alle grappen fan it winske nivo. In buorfrou bygelyks de namme Anna-Aaltsje jaan, wat fansels ferbastere wurdt yn de útspraak, is anno 2022 gewoan ûnder alle peil.

Slapstick

En by it tapassen fan lûdseffekten sa as dy ek brûkt waarden yn slapsticks, de stomme films mei Charlie Chaplin en Buster Keaton, komt it wier op timing oan. Oars wurdt de planke finaal misslein.
Marjolein Ley en Lourens van den Akker sykje as buorman en buorfrou de grinzen fan romte © Bas de Brouwer
Beppe Costa stapt dêrby boppedat geregeld út syn rol as akteur. Saneamd ôfwikend fan it orizjinele skript fertrout er it publyk syn eigentlike artistike ambysje ta. Hoe't hy syn rol eins spylje wollen hie as er syn sin krigen hie. En dat it publyk dêrtroch dus net it produkt krijt dêr't it rjocht op hat.
In toanieltrúkje dat al folle faker brûkt is. En in foefke dat ferfelend oerkomt as it te faak brûkt wurdt. Dat moat de regisseur en skriuwer fan it stik him oanrekkenje.

Oandwaanlik

En dan falt ek op dat de artistike kwaliteiten fan Beppe Costa net yn it aktearjen sitte, mar it just de kombinaasje mei syn muzikale talinten is dy't him op de bühne boppe himsels út stiigje lit. Bytiden oandwaanlik moai.
Beppe Costa yn syn muzikale elemint © Bas de Brouwer
Ik betrape mysels oan 'e ein fan de foarstelling wol eefkes op de gedachte hoe't it stik wêze soe mei allinnich Marjolein en Lourens op it poadium. It is nammentlik in genot om te sjen hoe moai sy beiden harren rol mei oertsjûging delsette.
It makket dat de taskôger eins mear oer de minske efter de personaazjes witte wol. Harren ûntwikkeling en persoanlike driuwfearren. Dêr is no spitigernôch gjin romte foar, want it ferhaal dinderet fierder. En al mei al bart der genôch om de oandacht fêst te hâlden.
Moai ek om te sjen hoe't oan 'e ein fan de foarstelling de bewustwurding fan Gloria gearrint mei de ûntmanteling fan it dekôr. Klear mei hieltyd mar wer wat moatte. De 'romte' as wjerspegeling fan it inerlik.