Stoarm: gjin ekstra maatregels

27 nov 2011 - 14:55

Wetterskip Fryslân nimt gjin ekstra maatregels foar de stoarm fan snein. It wetter berikt de kritike hichte fan 3 meter boppe NAP net. It hichtepunt fan de stoarm wurdt sneintejûn om tsien oere ferwachte.

Rederij Doeksen hat de tsjinstregeling oanpast. Sa wurdt de feartsjinst nei Skylge fan tsien foar achten omset yn in sneltsjinst. Sneintejûn om acht oere komt it wetterskip noch wol by elkoar om nochris te besjen oft der maatregels nedich binne. Mooglik komt der in ekstra kontrôlerûntsje op Skiermûnseach en It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)