Klaas Fokkinga posityf oer rapport Remkes: "Kabinet oan set om betrouwen werom te bringen"

It CV fan Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Johan Remkes kaam woansdei yn syn langferwachte rapport mei oanbefellingen oan it kabinet foar de oanpak fan stikstofútstjit. Deputearre Klaas Fokkinga (FNP) is posityf oer it rapport, mar sjocht no foaral nei it kabinet.
"Ik tink dat it goede oanbefellingen binne, mar it hinget der fan ôf wat it kabinet der no mei docht", seit de lânboudeputearre oer it rapport.
Fokkinga is alderearst bliid dat Remkes woansdei in pear wurden sein hat oer it gebrek oan betrouwen yn de polityk en de kleau tusken stêd en plattelân. "It is wichtich dat er de minske sintraal steld hat en erkent dat it minsken rekket wat hjir bart."

Kleau

Dat dy kleau der is, fernimt er sels ek. "Dy gedachtegong ûnderskriuw ik wol. Men hat gjin byld fan hoe't saken dy't yn Den Haag útset wurde minsken hjir reitsje."
Fokkinga tinkt dat de nije minister fan Lânbou, Piet Adema, in rol spylje kin yn it ferbinen fan stêd en plattelân. "Ik ha der alle betrouwen yn dat Adema in goede set dwaan kin. Ik tink dat er dat yn syn tiid as deputearre sjen litten hat, dat er in ferbiner wêze kin."
Fokkinga hat alle betrouwen yn nije lânbouminister Piet Adema
Ien fan de advizen dy't Remkes yn syn rapport oan it kabinet jout is om sa gau mooglik 500 à 600 grutte útstjitters út te keapjen. Dêrmei soe romte komme foar oare bedriuwen yn de belutsen sektoaren.
"It ferdwinen fan dy 500 à 600 bedriuwen is mar krekt hoe't je der nei sjogge. Hy hat yn elts gefal sein dat de emisje redusearre wurde moat. Je kinne dat op ferskillende wizen dwaan: it kin ferpleatse wêze, it kin ynnovaasje wêze, it kin ek it oanpassen fan it bedriuw sels wêze."
Boppedat is noch net dúdlik hokfoar bedriuwen hjir mei bedoeld wurde, seit Fokkinga. "Wy witte net wat oft in pykbelêster is, der is gjin definysje fan. Wat wy wol witte is wa't op basis fan fergunning it measte útstjitte."

Grutte útstjitters yn Fryslân

Yn Fryslân binne dat bedriuwen lykas REC, Sonac en twa boerebedriuwen. Dochs kinne dêr neffens him net direkt konklúzjes oan ferbûn wurde. "It wol net sizze dat de heechste útstjitter ek in pykbelêster is foar in bepaald natuergebiet."
Hoe't je dêr wol efter komme moatte leit neffens de Deputearre by it Ryk. "It leit by it kabinet. It soe bêst wêze kinne dat sy ús freegje wa't dat op basis fan fergunningen binne, dan sille wy dêryn dûke moatte."
Boppedat soene de grutste útstjitters binnen in jier tiid útkocht wurde moatte of harren útstjit troch technyske maatregels sterk beheind wurde moatte. "Dat is in hiele lêstigen. Ik snap ek hiel goed dat der dan dochs wer ûnwissens is ûnder yn de sektor. Ik ha der myn fraachtekens by."
Fokkinga bliuwt derby: de provinsje sil net ferplicht ûnteigenje
Fokkinga bliuwt derby dat it ferplicht ûnteigenjen fan bedriuwen yn Fryslân noch hieltyd net barre sil. Alteast net troch de provinsje. "Wy sille op basis fan stikstof net ûnteigenje. As it al barre moat, sil it Ryk dat dwaan moatte."
Wat wol ta de opsjes heart, is it ferpleatsen fan bedriuwen, seit Fokkinga. Dêr is ûnder oaren in 'grûnbank' foar opset. "Wy binne der drok dwaande mei, mar it is net maklik om grûn yn besit te krijen." Der soe bygelyks noch net genôch grûn beskikber wêze om in hânfol boerebedriuwen ûnderbringe te kinnen.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Klaas Fokkinga.
Dêrom wurdt hieltyd goed yn de gaten holden wêr't grûn frijkomt. "Wy sjogge nei minsken dy't frijwillich ophâlde wolle, sadat oare bedriuwen dêr hinne kinne."
Dêrnjonken bestiet noch de opsje ta frijwillige útkeap, leit Fokkinga út. "Dat ferkeapjen bliuwt in emosjonele saak, mar ik tink wol dat der ynteresse foar is. Wy ha yn ús provinsje al in tsiental fersiken hân fan minsken dy't der oer yn petear wolle. It jout wol in bepaalde yndikaasje."

2030 of 2035

Remkes advisearret it kabinet om de deadline fan 2030 net los te litten as it giet om it werombringen fan de stikstofútstjit mei 50 persint. Dat ferrast Fokkinga net. De provinsje hat sels de foarkar foar 2035. "De Steaten ha sels yn troch moasje oanjûn dat sy de wetlike termyn fan 2035 hâlde wolle."
"Wy binne yn elk gefal bliid dat dy mominten fan 2025 en 2028 deryn sitte. As in provinsje gewoan motivearre oanjaan kin dat bepaalde saken net helber binne, dat der dan noch in efterdoar is dat je dochs wat fierder kinne as 2035."
Klaas Fokkinga hopet dat it kabinet oan de gong giet mei de oanbefellingen fan Remkes
Dochs hat Christianne van der Wal, minister foar Natuer en Stikstof, oanjûn dat 2030 it jier is. "Sadree't it yn de wet stiet, sille wy ús der ek oan hâlde moatte", seit Fokkinga deroer: "It stiet noch net yn de wet."
Oft de stikstofútstjit de kommende jierren yn goed oparbeidzjen werombrocht wurde kin, leit by it kabinet. "Dat hinget der no ek fanôf hoe't it kabinet reagearret op de oanbefellingen fan Remkes. Ik ha wol it idee krigen dat se goed harke ha nei wat sein en skreaun is. Ik hoopje dat se dit flot oppakke en dat betrouwen dat skeind is, dat dat weromkomt."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân